Peloten froulju 2011
Yn it runstjoerde skema stie dat 19.00 de tiid om te spyljen wie. It die echter blyken dat it 18.00 moast weze en de froulju wienen te let! Dan is de regel dat it net oanweziche team in nije datum sykje moat binnen in wike en oars hawwe se mei 10 – 0 ferlern. Winsum wie de tsjinstander en it earste foarstel wie dat se hjir kamen en dus sa’n 19.00 alsnoch los koenen. De frouju fan Winsum koenen/woenen hjir helaas net oan meiwurkje en ek oare foarstellen waarden fan de baan dien. In lestich ferhaal soe it wurde om in finale-plakje te bemachtigjen, mei in maximum fan 22 punten. It wie in must om tiisdei 7 juny fan de froulju fan Easterlittens te winnen. Dat wie it ienige wat de froulju dwaan koenen, foar de rest lei it yn’e hannen fan Spannum en Winsum. Yn Mantgum waard deeglik wun mei 10 – 6 fan Easterlittens. Spannum liet sich ek fan syn beste kant sjen en wun mei 10 – 0 fan Winsum. De útslach nei disse letste kompetysjerunde wie as folgt: Easterlittens – 11 – 11 – 6 = 28 Spannum – 4 – 7 – 11 = 22 Winsum – 2 – 11 – 0 = 13 Mantgum – 11 – 0 -11 = 22 Spannum en Mantgum hienen dus evenfolle earsten foar. It gie dus om de tsjinearsten: Spannum – 11 – 11 – 0 = 22 Mantgum – 4 – 11 – 6 = 21 De Mantgumer froulju hienen dus krekt genoch om nei de finale troch te kinnen. Op 9 juny soe it heve op’e Terp yn Wiuwert. Mei Maaike Kuipers, Ant Fopma, Anke Koldijk, Elaine Reitsema en Baukje Stienstra soe Mantgum de striid oangean. Fanof it earste momint wie Mantgum de (folle) bettere ploech. Mei goed opslachwurk koenen hast alle earsten binnenhelle wurde. Mei 10 – 1 waard de oerwinning binnehelle en wienen de Mantgumer froulju foar de earste kear yn de skiednis kampioen fan Littenseradiel by it peloten. Nei de oerwinning fan foarch jier by de KNKB kompetysje in moaie foartsetting fan de winning mood! Oar jier de titel mar ferdedigje! Mar foar no: Dames gefeliciteerd!!
Geplaatst op 30 June 2011